MDN at 10

Fier it 10 jier dokumintearjen fan jo Web.

 

De skiednis fan MDN

Yn it begjin fan 2005, sette in lyts team fan idealisten it plan útein om in nije, frije, troch de mienskip makke, online helpboarne foar alle webûntwikkelers te meitsjen. Harren briljante, mar ûngewoane idee is útgroeid ta it Mozilla Developer Network fan hjoed, de ferneamste helpboarne foar alle iepen webtechnologyen. Tsien jier letter is ús wrâldwide mienskip grutter as ea, en tegearre meitsje wy noch altyd dokumintaasje, foarbyldkoade en learmiddelen foar alle iepen Webtechnologyen, lykas CSS, HTML, JavaScript en alle oare saken dy't it iepen Web sa krêftich meitsje.

Mear ynfoabout the history

 

Meiwurkje oan MDN

De ôfrûne tsien jier hat de MDN-mienskip it iepen web dokumintearre. Fan it korrizjearjen fan ienfâldige tikflaters oant it skriuwen fan folsleine dokumintaasje foar in nije API, eltsenien hat wat te bieden en gjin bydrage is te grut of te lyts. Wy hawwe mear as 90.000 siden dy't skreaun of oerset waarden troch leden fan ús foartreflike mienskip fan Mozillians. Jo kinne der ek ien fan wurde.

Mear ynfoabout contributing

 

 

I prepend "mdn" to my Google search pretty much by default. So this, kinda:
.google-query::before {
  content: "mdn ";
}
Roel N

Dokumintlabels en -meiwurkers

 Oan dizze side hawwe bydroegen: Fjoerfoks
 Lêst bywurke troch: Fjoerfoks,